Dassen rjochtsje skea oan

10 des 2012 - 11:37

Boeren yn Súdeast-Fryslân hawwe hieltyd mear lêst fan dassen. Der wurdt mear en mear skea melden. De bisten frette in part fan de mais op of fertraapje it gewaaks. Leanwurkers komme grutte bulten grûn tsjin.

Neffens foarsitter André Kleistra fan de LTO, ôfdieling It Hearrenfean moat der no wat dien wurde foardat de problemen echt grut wurde. It tal dassen moat neffens him fermindere wurde en de skea better fergoede. Kleistra fergeliket de situaasje mei dy fan de guozzen.

Trefwurden: 
skea boer das
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)