Sieraden stellen út wenhûs

10 des 2012 - 10:37

Ut in wente oan de De Roosstrjitte yn Drachten binne ôfrûne wike gouden en sulveren sieraden stellen. Der is ek in laptop en in fotokamera meinaam. De ynbraak hat west tusken ôfrûne woansdei en snein. De 63-jierrige bewenner hat oanjefte dien.

Yn Easterwâlde is in laptop, in fototastel en in djoere flesse sterke drank stellen. De dieven fernielden de foardoar fan it hûs oan 'e Assesorleane om deryn te komme. De 56-jierrige bewenner hat oanjefte dien. De plysje docht ûndersyk nei de ynbraak fan sneintejûn.

Trefwurden: 
ynbraak stellerij sieraden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)