Arts giet by Cambuur wei

10 des 2012 - 10:30

Trainer Alfons Arts ferlit SC Cambuur oan de ein fan dit seizoen. Hy hat sels oan de kluplieding witte litten dat er syn ôfrinnend kontrakt net ferlinge wol. Syn beslút komt as in ferrassing. Twa wike lyn sei Arts yn it programma Boppeslach Kafee fan Omrop Fryslân noch dat er graach foar langere tiid bliuwe woe. Hy soe yn jannewaris mei de kluplieding om tafel gean om te praten oer syn takomst by de klup.

Arts kaam yn 2007 by Cambuur as assistint fan Jurrie Koolhof. Nei it ôfskie fan Stanley Menzo as haadcoach yn 2010 naam er it roer oer.

Dit seizoen is Arts syn tredde as earste man. Cambuur lit yn in reaksje witte it beslút fan Arts te respektearjen. De klup giet no op syk nei in nije trainer foar it seizoen 2013/2014. Assistint-trainer Henk de Jong kin dêr net foar yn de beneaming komme omdat hy de goede papieren noch net hat.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur arts
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)