FNP: faasje mei feilich Starum

10 des 2012 - 08:53

FNP Súdwest-Fryslân wol dat nei 25 jier oerlizzen de drokke ferkearsrûte fan de provinsjale dyk N359 oer Himmelum en Warns nei Starum einliks feilich makke wurdt. De partij sil it kolleezje yn de riedsfergadering fan tongersdei oproppe om foar 1 july 2013 mei in definityf foarstel te kommen.

In wichtich ûnderdiel fan de plannen is de oanlis fan in fytspaad fan Warns nei Starum. De FNP wol dat de gemeente Súdwest-Fryslân faasje makket, omdat Starum in twadde slûs kriget mei in besikerssintrum en it masterplan útfierd wurdt.

Dat betsjut neffens de FNP in tanimmende ferkearsdrokte.

Trefwurden: 
feilich FNP
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)