VVD wol regionale omrop op 3

Twadde Keamer © ANP XTRA
De VVD wol dat de regionale omroppen ûnderbrocht wurde op Nederlân 3. Mei dat foarstel komt de partij moandei yn it debat yn de Twadde Keamer oer de mediabegrutting. Neffens de liberalen slagget it de publike omroppen net troch de besunigings om it tredde kanaal in ynfolling te jaan.
Troch de trettjin regionale omroppen op it tredde kanaal ûnder te bringen kinne de lanlike omroppen besparje op personiel en fasiliteiten, sa lit de VVD witte. De partij wol boppedat dat de regionale omroppen mear gearwurkje mei de NOS.