Aldereinklup siket nij plak

09 des 2012 - 16:06

De âldereinferiening fan Gytsjerk wol sa gau mooglik in nij ûnderkommen yn it doarp. It pleatslik doarpskafee is ferkocht en dêrmei binne de âlderen harren plak foar de aktiviteiten kwytrekke. Se gean no in doarp fierderop nei Oentsjerk, mar dat is neat wurdich. In soad fine it dreech om der te kommen, omdat it te fier is om te rinnen of mei de skootmobyl te gean.

It leafst soene se graach in doarpshûs yn Gytsjerk sels krije. Op 20 desimber komt de saak oan 'e oarder yn de gemeenteried fan Tytsjerksteradiel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)