Olympyske nominaasje Breeuwsma

09 des 2012 - 15:23

Shorttracker Daan Breeuwsma hat by de wrâldbekerwedstriden yn Shanghai in Olympyske nominaasje pakt op de 500 meter. De 24-jierrige reedrider fan Aldeboarn einige yn de heale finale as tredde, efter de Kanadees François Hamelin en bleau mar in pear hûndertsten ôf fan it Nederlânsk rekôr fan ploechgenoat Freek van der Wart.

Mei Sjinkie Knegt, Niels Kerstholt en Van der Wart pakte Breeuwsma letter op de dei it sulver op de ploege-ôflossing. De Nederlânske manlju wienen yn de finale net opwoeksen tsjin it kwartet fan Súd-Koreä.

Sjinkie Knegt ried in wat teloarstellend wykein. De 23-jierrige Bantegeaster einige sneon as achtste op de 1000 meter en pakte snein in achtste plak op de sprint.

(advertinsje)