Bobsliders opnij twintichste

Sybren Jansma © Omrop Fryslân
Bobslider Sybren Jansma fan De Pein is snein mei de fjouwermansbob as twintichste einige by de wrâldbeker bobslydzjen yn it Dútske Winterberg. Sneon pakte Jansma tegearre mei stjoerman Edwin van Calker ek al in twintichste notearring yn de twamansbob. De mindere prestaasjes binne ta te skriuwen oan de hamstringblessuere fan Van Calker, dy't dit wykein foar it earst wer oan de start stie. Boppedat gong de bob snein op 'e sydkant.
Yn Winterberg gong de oerwinning by de fjouwermansbob nei de Rus Aleksander Zoebkov.
De bobsliders kinne harren no klearmeitsje foar de fyfde wrâldbekerwedstriden yn it Frânske La Plagne.