Lykspul SC Hearrenfean - Roda

09 des 2012 - 14:32

SC Hearrenfean hat snein 4-4 lykspile tsjin Roda JC. Yn it Abe Lenstrastadion waard it publyk traktearre op in wier doelpuntefeest. Filip Djuricic iepene de skoare, wêrnei't Malki de lykmakker binnenkopte. Mei in fernimistich lobke soarge Rajiv van La Parra foar de 2-1.

Nei rêst tekene topskoarder Alfred Finnbogason foar de 3-1. In doelpunt fan Roda brocht de spanning werom yn de wedstriid. Mei syn twadde goal tekene Van La Parra foar 4-2. It slútstik wie lykwols foar Roda JC, dat mei twa treffers dochs noch in punt oerhold oan it duel.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)