Debat oer publike omroppen

09 des 2012 - 14:10

Yn Den Haach debatearret de Twadde Keamer moandei oer de takomst fan de publike omrop. Der moat 100 miljoen euro ekstra besunige wurde, sa't it no liket. De fraach is wêrop't dat krekt barre moat.

Foar Fryslân is it net ûnbelangryk te witten hoe't it mei de regionale omroppen komt. It ryk wol de regionale omroppen `yntegrearje´ mei de lanlike publike omrop. Minder jild sil ek gefolgen hawwe foar de programmearring en it personielsbestân fan Omrop Fryslân.

De provinsje Fryslân is der op tsjin dat Omrop Fryslân ûnderbrocht wurdt by de lanlike publike omrop. De provinsje wol graach sels ferantwurdlik bliuwe foar de Fryske radio en televyzje. Fanwege de twadde rykstaal fertsjinnet Omrop Fryslân in aparte posysje, sa fynt de provinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)