Noch in 'echte Oerfaller' fûn

09 des 2012 - 13:30

De makkers fan it iepenloftspul oer de oerfal op de Blokhúspoarte yn Ljouwert yn de Twadde Wrâldoarloch hawwe in twadde, noch libjende oerfaller opspoard. Lange tiid waard tocht dat noch mar ien fan de fersetsminsken yn libben wie. Wa't dy twadde oerfaller krekt is, wurdt noch net bekend makke. Dat wol de persoan net. Mar de makkers hoopje dat er takom jier augustus wol by de try-outs is.

Yn it iepenloftspul De Oerfal draait it allegearre om de aksje dêr't yn 1944 51 minsken befrijd waarden út hannen fan de Dútske besetter.

Trefwurden: 
De Oerfal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)