Skrâns nei suden ta ôfsletten

09 des 2012 - 12:59

Winkelstrjitte de Skrâns yn Ljouwert is moandei yn súdlike rjochting ticht foar autoferkear. Fytsers kinne der wol del, mar der is mar in bytsje romte.

De wei wurdt ôfsluten om't de strjitstiennen der opnij yn lein wurde moatte. De bestrjitting fan de parkearstrook by de strjitte is fersakke trochdat it ferkear der tydlik oerhinne moat. Dat is nedich omdat in part fan de dyk ôfset is fanwege in ôfbaarnd winkelgebou. De gevel stiet yn de steigers. De rest dêrachter hat grutte skea.

Trefwurden: 
Skrâns
(advertinsje)