Norris te sterk foar Hofstra

09 des 2012 - 12:57

Rick Hofstra is der net yn slagge om de heale finale te heljen fan it Zuiderduin Masters-toernoai. De darter fan Snits moast yn de kwartfinale belies jaan tsjin Alan Norris. De Ingelsman wie mei 3-1 yn sets te sterk foar Hofstra. De Snitser pakte de twadde set mei in finish fan 121, mar miste fierderop yn de partij in pear wichtige dûbels.

Norris jildt as grutte favoryt foar de titel. Hy wie earder yn it toernoai al te sterk foar Dennie Bos fan Aldeberkeap.

Trefwurden: 
darts Rick Hofstra
(advertinsje)