Pop Award foar Elske DeWall

09 des 2012 - 10:37

Elske DeWall hat sneon de Fryske Pop Award 2012 krigen. Dat barde op it jubileumfestival fan Friesland Pop yn de Harmonie yn Ljouwert. Dy organisaasje bestiet dit jier 25 jier. Elske DeWall krige de priis en in sjek mei in wearde fan 1500 euro út hannen fan deputearre Jannewietske de Vries.

Oare nominearden wiene ûnder oaren De Hûnekop en Iris Kroes. De Klipkar-priis foar bêste fideoklip wie foar De Hûnekop. Bylden fan it jublieumfestival fan Friesland Pop binne mei de krystdagen te sjen by Omrop Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)