LDODK pakt punt yn Dordrecht

08 des 2012 - 22:07

De kuorballers fan LDODK ha it earste punt yn de Kuorbal League bûten Fryslân pakt. Yn Dordrecht waard it 21-21 tsjin DeetosSnel. Yn de earste helte wie de thúsploech better. LDODK hie gelok dat it healwei mar 11-9 stie. Yn de twadde helte wie de ploech út De Gordyk en Terwispel de boppelizzende partij. Twa kear koe in foarsprong fan twa doelpunten (11-13 en 14-16) krekt net útwreide wurde. Nei 21-21 wiene de lêste twa minuten ien en al hektyk. Beide ploegen krigen noch kâns op de winst. Foar DeetosSnel is it it earste punt, LDODK hat 5 út 5.

By LDODK wie André Zwart goed foar 9 doelpunten. Syn direkte tsjinstanner Johannis Schot makke der 7. Erwin Zwart skeat 6 ballen troch de koer. By LDODK foel Sieta Bijker nei har rêchblessuere yn de twadde helte yn. Se makke twa doelpunten, ûnder oare de lêste.

Trefwurden: 
kuorbal LDODK
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)