Doarpshûs Skingen ferboud

© Omrop Fryslân
Yn Skingen is sneontemiddei it ferboude doarpshûs iepene. Frijwilligers út it twillingdoarp Skingen-Slappeterp hawwe doarpshûs De Ald Skoalle herboud. Dat hat al mei al goed trije ton koste. It jild kaam fan oerheden en fûnsen.
Yn 'e Op Healwei komt takom jier ek in saneamd Repair Café. Dêr kinne minsken mei harren stikkene apparaten telâne foar reparaasje. It reparaasjekafee giet begjin takom jier iepen. It is it twadde yn Fryslân. Yn Balk is ek ien.