Ekstreem dronken autorider

08 des 2012 - 14:41

In 38-jierrige man út Koarnjum is freedtemiddei pakt foar it riden mei in ekstreem soad drank op. De man hie goed 1465 ug/l yn syn bloed. Sa folle kin deadlik wêze.

In tsjûge seach de man yn Koarnjum riden en seach him útstappen mei in flesse beerenburch yn 'e hân. De frou pakte de drank ôf, de man foel dêrnei út 'e tiid op de grûn. De plysje hat syn rydbewiis yn beslach naam.

Trefwurden: 
drankrider alkohol drank
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)