Noch gjin Frysk sukses Nagano

© awfoto.nl
De Fryske sprinters hawwe op de earste dei fan de wrâldbekerwedstriden yn Nagano noch gjin medaljes pakt. By de froulju wie der in 5e plak foar Thijsje Oenema op de 500 meter (38.33). Marrit Leenstra waard 12e yn 38.63. Margot Boer einige as 15e (38.81) en Anice Das as 18e (39.14). De winst op de 500 meter wie foar de Súd-Koreaanse Sang-Hwa Lee, dy't in winnende tiid fan 37.63 klokte.
By de manlju kaam Jesper Hospes mei in tiid fan 35.73 op de 500 meter net fierder as it 6e plak yn de B-groep.
By de 1000 meter foelen ek gjin Fryske medaljes. Marrit Leenstra kaam mei in tiid fan 1.16.24 net fierder as it 5e plak. Boer einige as 13e mei 1.17.41. Anice Das klokte 1.18.29 en waard 19e. De Amerikaanse Heather Richardson wie de rapste op de kilometer yn 1.15.24. Lotte van Beek waard ferrassend tredde (1.16.15) efter Christine Nesbitt (1.15.45).