Seis oanhâldings fanwege GHB

GHB
Nei in opfallende taname fan it GHB-gebrûk yn Drachten hat de plysje yn de wyk De Trisken in dealer oanhâlden. Fiif persoanen dy't it guod by him hellen en trochferkochten binne ek oanhâlden. It gie om twa jonges fan 16 út Drachten, in Drachtster fan 33, in man fan 19 út Sigerswâld en in 22-jierrige Hearrenfeanster.
Doe't de plysje yn de gaten krige dat de Drachtster yn GHB en oare harddrugs hannele, binne minsken dy't by him oan hûs guod kochten oanhâlden en ferheard. De Drachtster en de 22-jierrige Hearrenfeanster sitte noch fêst.
De plysje stelde in ûndersyk yn neidat plysjeminsken hieltiid faker minsken trof dy't út de tiid wiene troch GHB. Ferslavingssoarch seach ek dat der mear GHB naam waard yn Drachten en omkriten.