Feestmiel foar âlderein

08 des 2012 - 13:02

Aldere klanten fan soarchfersekerder De Friesland krije nije wike in feestmiel oanbean. Neffens ûndersyk binne ek yn Fryslân in soad âldere minsken iensum en sa'n miel moat se ûnder de minsken bringe. De seis feestmielen wurde taret troch televyzjekok Reitse Spanninga. Der is ek live-muzyk by.

Iensume âlderein helpe mei bygelyks in feestmiel is neffens Diana Monissen fan De Friesland ek in taak fan de soarchfersekerder. Foar takom jier wolle se sjen wat noch mear dien wurde kin oan de iensumens fan âlderein.

Trefwurden: 
De Friesland feestmiel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)