Prate oer fuotbalgeweld

08 des 2012 - 11:45

Op ferskate plakken yn de provinsje wurdt sneon stilstien by de geweldiedige dea fan grinsrjochter Richard Nieuwenhuizen. Hy waard ferline wike by in jeugdwestriid yn Almere deaskopt troch spilers fan de tsjinpartij út Amsterdam. Foar it fuotbalbun KNVB wie dat de oanlieding om alle wedstriden te skrassen en de klups te freegjen stil te stean by wat bard is.

By de Ljouwerter klup Frisia hâlde se sneon in diskusje mei de leden oer geweld. By RES yn Boalsert hawwe se it der ek oer. Dêr jildt al jierren in gedrachskoade tsjin geweld.

Trefwurden: 
fuotbal Frisia Sâlt geweld
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)