Berkeaper darter wint

Darter Dennie Bos hat syn earste pûlwedstriid op it prestisjeuze darttoernoai Zuiderduin Masters wûn. Hy wie mei 5-1 te sterk foar Jimmy Hendriks. Bos, dy't wennet yn Aldeberkeap, spilet sneon tsjin de as nûmer ien pleatste Alan Norris foar in plak yn de kwartfinale.
Rick Hofstra fan Snits hie minder súkses. Hy ferlear mei 5-3 fan de Ingelsman James Wilson. By de junioaren gie Mats Gies fan Wierum mei 4-1 ûnderút tsjin Quin Wester.