Johannes yn finale TVOH

07 des 2012 - 22:24

De Fryske sjonger Johannes Rypma sit yn 'e finale fan The Voice of Holland. Hy makke freed syn rol as publyksleaveling by de talinteshow op 'e nij wier. Johannes helle freedtejûn 80,2 prosint fan de stimmen en sit no by de lêste fjouwer.

Freed makke produsint John de Mol bekend dat de puntetelling oars wêze soe. De sifers fan de sjuery telle dûbeld, wêrtroch't de stim fan it publyk minder swier telt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)