Van Basten: sterk sinjaal KNVB

07 des 2012 - 21:30

Sportklup Hearrenfean is tefreden mei de maatregels fan de KNVB fan dit wykein. Dat seit trainer Marco van Basten. De KNVB hat foar dit wykein alle wedstriden yn it amateurfuotbal ôfsein, mar lit de wedstriden yn it betelle fuotbal trochgean. By dy wedstriden wurdt in minút stilte hâlden en sille de fuotballers in roubân drage. De oanpassings komme nei oanlieding fan it ferstjerren fan grinsrjochter Richard Nieuwenhuizen út Almere, ferline wike. Neffens Van Basten kin der troch it útstjoeren fan de wedstriden in sterker sinjaal ôfjûn wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)