Aris wint fan Rotterdam

Aris Ljouwert © Omrop Fryslân
De basketballers fan Aris wiene tongersdeitejûn mei 106-86 te sterk foar Rotterdam. Nettsjinsteande it ferskil fan 20 punten hie Aris muoite om ôfstân te nimmen fan de nûmer lêst yn 'e kompetysje. Pas yn it fjirde en lêste kwart rûnen de Ljouwerters út nei in romme oerwinning.
Sneon komme de Ljouwerter basketballers opnij yn aksje, dan nimt de ploech fan Erik Braal it yn sporthal It Kealledykje op tsjin Weert.