Takomst fuotbalfroulju ûnwis

07 des 2012 - 12:47

De takomst fan de fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean is opnij ûnwis, no't der in grut gat yn 'e begrutting is fan in heale ton. Der lei in tasizzing fan dat bedrach foar alle klups fan de nij opsetten BeNe league. Dat is in fuotbalkompetysje yn gearwurking mei klups út België. Mar dat jild is net oermakke en it is de fraach oft dat ea wol barre sil.

It Stichtingsbestjoer fan de fuotbalfroulju fan SC Hearrenfean wurket mei in begrutting fan 250.000 euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)