Ekstra jild foar Bloemketerp

Swimbad Blomketerp
Swimbad Bloemketerp yn Frjentsjer kin iepenbliuwe. De ried fan Frjentsjerteradiel is tongersdei akkoart gien mei in ienmalige bydrage oan de stifting dy't it swimbad eksploitearret. De ried lient de stifting it jild. It bedrach wurdt omset yn echte stipe, as de gemeenteried him fine kin yn it bedriuwsplan, dêr't no noch oan wurke wurdt.
It swimbadbestjoer is bliid mei it jild. Mei noch wat oanfoljende maatregels, lykas it besparjen op enerzjykosten, kin de begrutting rûn makke wurde.
Yn de ried waarden de ynwenners fan Frjentsjer oproppen om it swimbad wól te brûken.