Drege dei foar jiske-auto's

07 des 2012 - 11:20

It is freed in drege dei foar de sjauffeurs fan de jiskeauto's fan Omrin, dy't de konteners besykje te leegjen. Op haadrûtes yn de doarpen en stêden is wol sâlt struid, mar yn de wenwiken leit in flinke laach snie.

De swiere jiskeauto's skowe maklik fan de dyk of reitsje fêst as se keare en draaie moatte. Dat barde bygelyks freedtemoarn yn de Tsjerkebuorren yn Dronryp. De buertbewenners hawwe de konteners út de rest fan de strjitte nei in sintraal punt brocht, sadat se dêr lege wurde koene.

In wurdfierder fan Omrin ferwachtet dat alle konteners reed lang om let noch wol lege wurde kinne. Omrin fersoarget ek it struien fan in soad strjitten en fytspaden yn doarpen. Dat ferrint oant no ta allegearre sûnder problemen.

Trefwurden: 
Omrin jiske-auto's
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)