Famkes oppakt foar stellerij

Boeien © ANP XTRA
Op It Hearrenfean binne tongersdei twa famkes fan 19 út Ljouwert oppakt foar winkelstellerij. De sjef fan in kleansaak oan de Dracht ûntduts dat de twa klean meinaam hiene sûnder te beteljen. Dêrnei waarden oare winkellju ek wach makke op de twa famkes. Dêrtroch koene se oanhâlden wurde yn in oare winkel.
Se ûntkenden earst dat se stellen hiene, mar de plysje fûn de stellen klean yn har tassen. Al it guod is yn beslach naam.