Van Gessel leit funksje del

Direkteur Paul van Gessel fan Fryslân Marketing leit syn funksje del. Dat bart yn oerlis mei de ried fan tafersjoch. Ofrûne simmer kaam Fryslân Marketing yn de problemen, trochdat Europeeske subsydzje net útbetelle waard. De organisaasje moast dêrom in grut projekt mei in omfang fan acht miljoen euro stopsette. Dat soarge foar in soad ûnrêst yn de toeristyske sektor.
De provinsje liet ûndersyk dwaan. Dêr hat út bliken dien dat de boekhâlding goed foarinoar is. Fryslân Marketing en de provinsje besykje no de problemen op te lossen.
Ien fan de stappen dy't yn alle gefallen naam is, is dat Van Gessel fuortgiet. Der wie de ôfrûne tiid ek in soad krityk op de finansjele bydrage fan Fryslân Marketing oan tv-programma 'Moordvrouw' fan RTL.