Wurk oan slûs begjint wer

07 des 2012 - 09:34

Oannimmer Ballast Nedam is wer begûn mei it wurk oan de twadde slûs yn Starum. It wurk lei stil neidat begjin novimber fersmoarge grûn fûn waard. Ut ûndersyk hat no bliken dien dat it net om in soad grûn giet. De bouput moat wol skjinmakke wurde. Troch de boufertraging is it plande wurk oan de slûs útsteld.

It farferkear kin gewoan gebrûk meitsje fan de slûs. Hoe lang dat sa wêze sil, is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
Starum slûs Ballast Nedam
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)