Van der Zwan twitterkampioen

Boargemaster Van der Zwan op twitter © Omrop Fryslân
Boargemaster Van der Zwan fan Hearrenfean is de meast aktive boargemaster op Twitter yn Fryslân. Dat docht bliken út de boargemastersyndeks dy't tongersdei presintearre is. Ien op de trije boargemasters yn Nederlân is aktyf op twitter. Van der Zwan twittere bygelyks yn novimber sa'n 143 kear, op it twadde plak stiet boargemaster Piet Adema fan Achtkarspelen mei 90 tweets.
Yn Limboarch twitteret hast de helte fan alle boargemasters, mar yn Flevolân is dat der mar ien: Annemarie Jorrtisma fan Almere.