Warskôging foar sniedunen

06 des 2012 - 16:56

Neffens waarman Pyt Paulusma berikt it minne waar tongersdeitejûn tusken 11 en 12 oere ús provinsje. It begjint mei lichte snie, mar nei 1 oere nachts giet dat oer yn matige snie en dan begjint it ek hurd te waaien út it súdeasten. Dat kin soargje foar sniedunen dy't problemen jouwe foar it ferkear. Ek freedtemoarn snijt it noch oant healwei de moarn. Yn de rin fan de dei wurdt it wer rêstiger en yn it wykein binne de winterske problemen dan wer foarby.

Foar freedtemoarn ropt de ANWB minsken yn it noarden fan it lân op om thús te bliuwen, as se net echt de dyk op hoege.

Trefwurden: 
ferkear waar sniedunen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)