Oanpak knyppunten foar fytsers

06 des 2012 - 16:09

As earste provinsje fan Nederlân wol Fryslân alle ferkearsgefaarlike situaasjes foar fytsers oanpakke. It Fytsersbûn set in grut ynventarisaasjeprojekt fan knyppunten op yn alle gemeenten. Jierliks reitsje sa'n 100 fytsers yn Fryslân sa swier ferwûne dat se yn it sikehûs opnommen wurde moatte. Omdat it tal ûngelokken mei fytsers yn hiel Fryslân bot tanimt, wolle provinsje en gemeenten no yngripe. It Fytsersbûn sil no in ynventarisaasje hâlde wêrfoar't se alle Fryske boargers oproppe om gefaarlike situaasjes yn har wenplak te melden.

De gemeenten ha tasein dy knyppunten dan ek sa gau mooglik oan te pakken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)