Windlust draait wer yn 2014

06 des 2012 - 14:02

As alles goed giet draait de mûne fan Boerum yn 2014 wer. De earste bougearkomste hat west en ynkoarten wurde boubedriuwen frege mei te dwaan oan de oanbesteging. Yn april fan dit jier baarnde de histoaryske mûne Windlust ôf, neidat jonges yn it doarp âld papier yn 'e brân stutsen hienen. Foaral fersekeringstechnysk moast der in soad regele wurde, mar it giet no goed mei de bouplannen, sa seit Jacqueline Brauwer fan Erfgoed Kollumerlân. Sy wol foaral Fryske boubedriuwen ha foar de werbou.

Trije fan de fjouwer bedriuwen dy't útnoege binne om in offerte te meitsjen komme út Fryslân. De werbou kostet goed ien miljoen euro.

Trefwurden: 
Boerum Windlust
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)