Oerheid brekt belofte Skier

De oerheid brekt in belofte oan de befolking fan Skiermûntseach troch net mear mei te beteljen oan it ûnderhâld fan rekreatieve foarsjennings lykas fytspaden op it eilân. Dat fynt behearder Otto Overdijk fan Natuurmonumenten. Doe't it eilân in Nasjonaal Park waard, ferwachten de eilânbewenners mear besikers en dy kamen ek. Dêrom fregen en krigen de eilanners jild fan it Ryk om de tanommen ûnderhâldskosten fan foaral de fytspaden te beteljen. It foech oer it Nasjonaal Park is lykwols ferthuze fan it Ryk nei de provinsje sûnder ekstra jild.
Der wurdt no jierliks 100.000 eigen provinsjaal jild yn it Nasjonaal Park stusen, mar dêr sit it ûnderhâldsjild no net mear by. Foar dy hast 18.000 euro moat noch in oplossing socht wurde. Natuurmonumenten hat it jild ek net en dêrtroch rint de tagonklikhied fan de natoer gefaar.