Fúzje Tjallingahiem en Alliade
Soarchsintrum Tjallinga Hiem en soarchgroep Alliade sille op termyn fusearje. De organisaasjes makken tongersdei bekend dat se mear gearwurkje sille. Se wolle dêrmei de soarch oan minsken mei in licht ferstanlike beheining ferbetterje. Foaral binnen Alliade bestiet al langer de winsk om dy soarch yn ien organisaasje ûnder te bringen.