Bulgaar moat 4 jier de sel yn

06 des 2012 - 12:17

De rjochtbank yn Ljouwert hat in 33-jierige man út Bulgarije in finzenisstraf fan fjouwer jier oplein yn ferbân mei minskehannel. De Bulgaar twong yn de earste helte fan 2011 Bulgaarske froulju om yn de prostitúsje te wurkjen. It OM fynt dat in swiere misdied, omdat de dieder de ôfhinklike posysje fan de froulju misbrûkt hat om se ta prostitúsje te twingen. Ek hat de Bulgaar geweld tsjin de froulju brûkt. Der wie acht jier easke tsjin de Bulgaar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)