Ludike aksje by SC Hearrenfean

In groep supporters fan SC Hearrenfean dy't himsels 'de Cultuurbewakers' fan de klup neamt, hat woansdeitejûn in tal sekken sâlt foar it Abe Lenstra Stadion delset. Se hawwe der ek in gedicht by achterlitten dat rjochte is oan de spilers, technyske stêf en kluplieding. Se hawwe it sâlt en it gedicht as ludike aksje foar it byld fan Abe Lenstra delset. Se easkje in nije start fan de fuotbalklup nei de ferlerne wedstriden fan de ôfrûne tiid.