Resi Wommels fallyt
Resi Woonwinkel yn Wommels is definityf fallyt ferklearre. It is de kurator net slagge om foar in trochstart te soargjen. It is de safolste wenwinkel dy't yn de ôfrûne jierren syn doarren sletten hat.
Nei de boubedriuwen lykje no ek de wenwinkels hieltyd mear de gefolgen te fernimmen fan de krisis op de wenningmerk. Trochdat minsken gjin nij hûs mear keapje, is der ek minder ferlet fan nije meubels. De meubels fan it fallite Resi bliuwe de kommende trije moannen noch wol te keap.
De famylje Kapenga fan Kapenga Wonen Bûtenpost en it Wooncentrum yn Wolvegea hawwe de ynboel opkocht en hiere ek de winkel foar de kommende moannen. Se dogge dat om de âlde eigener noch wat te helpen en om foar te kommen dat in konkurrint yn it gat springt. Sicko Kapenga is net benaud dat sy it folgjende slachtoffer wurde fan de krisis.