Nije pachter Krúswei Damwâld

05 des 2012 - 18:53

De gemeente Dantumadiel moat op syk nei in nije pachter foar De Krúswei yn Damwâld. It sealesintrum mei restaurant wurdt takom jier hielendal ferboud ta multyfunksjoneel sintrum en doarpshûs fan Damwâld. Dêrmei giet ek de hierpriis omheech, fan 10.000 nei 25.000 euro yn it jier. En dêr giet de hjoeddeistige pachter net mei akkoart.

De gemeente sil no yn gearwurking mei de doarpsbelangen in wurkgroep oprjochtsje, dy't sjen sil nei de ynfolling fan it nije MFC.

Trefwurden: 
Damwâld Krúswei pachter
(advertinsje)