Himpkwekerij Ljouwert oprôle
De plysje hat woansdeitemoarn in himpkwekerij oprôle oan de Vuurndoorstrjitte yn Ljouwert. De plysje ûntduts apparatuer yn de wenning, lykas fentilators, lampen en himpôffal. De bewenner is oanhâlden en meinaam nei it plysjeburo. Dy is nei in ferklearring wer frijlitten. De apparatuer is opromme en ferneatige.