PS: 50 miljoen foar nij Thialf

05 des 2012 - 16:15

Provinsjale steaten sille wol 50 miljoen euro foar it nije iissstadion Thialf beskikber stelle, mar dêrfoar sil earst allinne begûn wurde mei de bou fan in nije wedstriidhal. Dat liket de útkomst te wurden fan de steatekommisje, woansdei yn it provinsjehûs. CDA en FNP binne ree om noch mear jild yn Thialf te stekken, mar de grutste partij, de PvdA, haldt dat tsjin. De partij fynt it útstel fan deputearre Konst om twa 400-meterbanen foar 106 miljoen euro te bouwen, in te grut risiko. Ryk en merkepartijen soene dan 56 miljoen betelje moatte.

Deputearre Konst liket dêr yn mei te gean. Op 19 desimber nimme provinsjale steaten in definityf beslút. Oer in 400 meterbaan yn Ljouwert nimme de steaten op 20 maart fan it takom jier in beslút.

Trefwurden: 
Provinsjale Steaten Thialf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)