Seehûn neamd nei Joop Atsma

Seehûn Stas Joop neamd nei Joop Atsma © Twitter Joop Atsma
In seehûn yn de seehûnekresj fan Pieterburen is neamd nei Joop Atsma. Dat meldt de âld-steatssiktaris woansdei op Twitter. Hy seit it 'ûnferwacht en bysûnder' te finen. Joop Atsma naam tiisdei yn Den Haach ôfskied fan de polityk.
Nei in skoft yn provinsjale steaten fan Fryslân sitten te hawwen, kaam er 15 jier lyn foar it CDA yn de Twadde Keamer. De lêste twa jier wie er steatssekretaris foar ynfrastruktuer en miljeu.