Fersyk Jasper S. 90 dagen fêst
De riedkeamer fan de rjochtbank yn Ljouwert beslist woansdei oer de ferlinging fan it foararrest fan Jasper S., de fertochte yn de saak Vaatstra. Der is frege om de man (45) út Aldwâld 90 dagen langer fêst te hâlden. De ferwachting is, dat dat wol takend wurdt. Ek bliuwt de fertochte yn beheining, dat betsjut dat er inkeld mei syn advokaat en de plysje prate mei. Nei alle gedachten duorret dy beheining dizze wike en miskien nije wike ek noch. De sitting fan de riedkeamer wie achter sletten doarren. Der is fierder ynhâldlik neat bekend makke.
Jasper S. is goed twa wiken lyn oppakt. Plysje en justysje kamen him op it spoar nei it grutskalich DNA-ûndersyk.