Bern ha profyt fan technykles

It kin ek foar de Fryske ekonomy fan belang wêze dat Fryske bern al op de basisskoalle les krije yn it fak Wetenschap en Techniek. Dat seit VVD-Twadde Keamerlid Anne Wil Lucas fan Beetstersweach. Lucas hat dêroer mei in PvdA-kollega in amendemint yntsjinne. Neffens Lucas is der in tekoart oan technisy op de arbeidsmerk, ek yn Fryslân. Bedriuwen dy't technysk personiel nedich hawwe, komme dêrtroch net sa gau nei Fryslân. Der komt no earst jild om PABO-studinten te learen hoe't se wittenskip en technyk oan bern op de basisskoalle ûnderwize kinne.