Heger peil Iselmar ûndersykje

05 des 2012 - 12:27
  • Dykgraaf Paul van Erkelens

Der komt in grut ûndersyk nei de gefolgen fan in peilstiging yn de Iselmar. De provinsje en it Wetterskip wolle sa ynsjoch krije wat it betsjut foar de natoergebieten. It is de bedoeling yn de takomst de Iselmar te brûken foar de berging fan swiet wetter. It peil sil as gefolch fariearje mei 30 oant 40 sintimeter. Benammen yn de simmermoannen sil it peil heger stean. Yn de winter kin de mar dan brûkt wurde foar de ôffier fan oerstallich reinwetter.

Trefwurden: 
ûndersyk Iselmar peil
(advertinsje)