Reorganisaasje by Spaansen

By de Spaansen Groep krije 69 minsken dien. By de Harnzer festiging fan it bedriuw dat materialen leveret foar de bou krije 35 minsken dien. Spaansen sit finansjeel klem. Troch de ekonomyske krisis is de omset bot weromrûn. Neffens de bûnen is in reorganisaasje dan ek net foar te kommen. Jild foar in sosjaal plan is der kwalik. Wurknimmers hoege dan ek net te rekkenjen op in ûntslachfergoeding. Minsken sille wol begelaat wurde by it finen fan oar wurk.