Nepwapens op 'e Jouwer ynnaam
De plysje hat tiisdei op De Jouwer ferskate nepfjoerwapens yn beslach naam. De plysje hie in tip krigen dat in 15-jierrige jonge in tal wapens dy't nochal echt liken yn syn besit hie. De plysje fûn it nepsjitark op de sliepkeamer fan de jonge. De wapens binne meinaam. De jonge hat in proses-ferbaal krigen.