Ferwûne troch eksploazje boat

05 des 2012 - 10:13

In 25-jierrige man út Eanjum is tiisdei yn Koatstertille ferwûne rekke by laswurk op in boat. Wilens dat wurk knalde in akku út elkoar. De man rekke dêrtroch licht ferwûne oan de holle. In hûsdokter hat him oan syn ferwûnings behannele. Troch de eksploazje ûntstie der brân op de boat. De brânwacht hat dat útmakke.

Trefwurden: 
plysje ferwûne
(advertinsje)